Nieuws

Doniawei: mei-inoar sterk!

Doniawei

In dream kaam einliks út!

In dream kaam einliks út…..

Rom twa jier ferlyn (novimber 2011) skreau ik oer in ‘dream’ dy’t ik hie. Ûnderwurp wie de Doniawei yn Hallum. Neffens ChristenUnie Ferwerderadiel moast de gemeente him tige ynspanne foar in ôfdwaande oplossing foar dizze dyk, foar sawol ûndernimmers en bedriuwen  as foar de bewenners.

Koartlyn waard ta ús grutte bliidskip in wichtich part fan dy ‘dream’ werklikheid.

Wy binne as ChristenUnie tige bliid dat nei in protte ynspannings, ek fan ús kant de saak fan de Doniawei op in goede wize oplost wurde sil. Fan begjin ôf oan hat de ChristenUnie Ferwerderadiel hast as iennichste út de ried der foar pleitte, dat der in yntegrale oplossing socht wurde moast foar de Doniawei. ‘In wiis beslút sjocht fier foarút!’ stiet terjochte yn ús riedsseal.

Dat wie om mear as ien reden. De ûndernimmers mei harren (ynternasjonale!) bedriuwen binne in tige wichtige faktor yn ús gemeente. De yndustry dêre soarget foar in hiel protte wurkgelegenheit. Dat dêr moatte wy súnich op wêze.

Dêrneist is it sa dat der goed each hâlde wurde moat foar de bewenners fan dy dyk.

Doe’t de rotonde oanlein wurde soe by Hallum hat de ChristenUnie oanhâldend frege oft dit yn oerlis gien wie mei de ûndernimmers. It die bliken, dat in ôftakking nei it yndustryterrein foar harren net in handige opsje wie. It begrutte ús dat der net echt oerlis west hat fanút de gemeente.   

Wy hawwe op wurkbesite west by de bedriuwen oan ‘e Doniawei en hawwe ek ús ChristenUnie steateleden út de provinsje derop wiist dat dit in wichtich ferhaal wie en dat it net in pine-hole-dossier  wurde mocht en net allinnich foar rekkening fan ús gemeente komme mocht. Ús steateleden binne doe op ús fersyk ek ôfreizge nei Hallum, wer’t harren eagen iepen waarden: wat in net ferwachte pracht stik wurkgelegenheid!

De provinsje is mei dêrtroch der fan oertsjûge rekke, dat dy pearel yn Ferwerderadiel in kâns ha moast om glimkje te bliuwen. Dat de provinsje hat har der efter set.

It wie dêrneist prachtich moai om te sjen dat de ûndernimmers folhâlden hawwe. Ferlitten fan ús gemeente soe ek in skande wêze en in grutte skea foar ús mienskip.

Om’t dit ek jild kostje soe foar de gemeente hawwe wy as fraksje der by B& W der oanhâldend op oankrongen, dat der in oersicht komme soe fan alle grutte projekten dy’t wy yn Ferwerderadiel yn ‘e rin fan ‘e tiid réalisearje woenen en moasten. Op de lêste begruttingsjûn ferline jier hawwe wy dêr op ‘e nij om frege. Doe is men mei it gearstallen fan dat oersicht úteinset, mar spitigernôch is it der noch altiten net. Wy fine dat dat net kin en bliuwe dêrop oansprekke.

Mar wy fûnen ek dat it noch net hawwe fan dit oersicht, dêr wy no sa faak nei frege hawwe in oplossing foar de Doniawei yn ‘e wei stean mocht. Dat jildt noch mear as wy sjogge dat de bewenners op in tige konstruktive wize harren opsteld hawwe. Wy kinne net oars sizze dat wy dat bjusterbaarlik fine. Dat is mei-inoar oplûke om der sterker út te kommen. Wy wienen der ek fanôf it begjin fan oertsjûge dat de ûndernimmers in earlike bydrage oan de ûntwikkeling fan de Doniawei jaan soenen. Dat bewenners en ûndernimmers: tige tank fan de fraksje fan de ChristenUnie. En de gemeente hat mei de bydrage fan 1 miljoen in goed foarbyld jûn. En moai dat de provinsje har ferantwurdlikheid sjocht. Minsken, noflik wenjen en wurkgelegenheid moatte in hege prioriteit hawwe yn ús moaie gemeente Ferwerderadiel.

No, nei in tal fan jierren is it safier: begjin 2014. Oplossing Doniawei: in lange-termyn oplossing!  Geweldich!

Ik beslút mei in diel fan it stikje dat ik ein 2011 skreaun haw oer dy ‘dream’, dy’t no yn 2014 lokkich werklikheid wurden is, mei troch ús ynspannings:

“Wat is de oarsaak fan dizze moaie ûntwikkeling? Goed nei elkoarren harkje; elkoarren fersterkje: dat is folle nofliker. Sa fine wy elkoar. Net fragmintarysk en ynstrumintalistysk tinke, mar yntegraal en generaal.

Meiinoar fersterkjende dwersferbannen lizzen, is in keunst. Dan is der fyzje!”

Is der wurk, dan kinne wy skoallen hawwe en kinne wy meielkoarren ús gemeente oantreklik hâlde, ek op rekréatyf gebiet.

Moai om sa wekker te wurden. No de oare dossiers noch, sa as de feiligens yn Wânswert. It moat goed komme!

Jan Jarig van der Tol, ChristenUnie Ferwerderadiel  

Ik haw in dream

‘Alle ûndernimmers en gemeente en boargers meiinoar skouders ûnder yntegraal rekreaasjeplan Ferwerderadiel.”

Begruttingsjûn: wat komt der in protte foarby……………….

Ferwerderadiel yn byld

Einlik is it sa fier: ús gemeente Ferwerderadiel yn it hiele lân bekend. Hoe dat sa? Oanlieding is it útwurkjen fan in totaalfysje fan it gebiet by Hallum en Marrum, sis mar Doniawei en omkriten,mar nim dat rom! Ûndernimmers en gemeente en boargers hawwe de hannen ynienslein. Dit sil wat opsmite! Fanút de rie wurdt oppere: behein it net, mar ûntwikkelje dêrneist fuort ek in oantreklik twatalich promoasjespul oer ús hiele gemeente foar jong en âld.

Alle moaie en nijsgjirrige plakjes en aktiviteiten en alle arranzjminten dy’t mar mooglik binne, moatte oan ‘e oarder komme en in plak krije op it boerd: it Waadrinnen yn it wide Wrâlderfgoedgebiet; fûgels observearjen; in besite oan it nije monumint by de Dobbe en/of oan in mêstfergister yn ‘Om ‘e Koaien’; de Hegebeintumer museumtsjerke en syn histoaryske tentoanstellings, in middei technysk omstrune yn Domotica/LEF-Hiem yn Hallum, nei ‘De Zwaluw’ fan Burdaard, en de Dokkummer Ie; in rûntsje doarptsjerken mei harren oargels: dy kinne bespile wurde; nei swimbad en bibleteek; ride yn in beskieden spoartreintsje en/of farre yn in romantysk flústerboatsje  en wat al mear., “Gean fierder nei Jannum en besjoch it âld tsjerkje”. It spultsje wurdt in grut sukses yn it hiele lân.

Eardere aksjes

Sa breed wie it noch nea oppakt. Wa hie tocht dat de ûndernimmers harren noch ris mei rekreaasje dwaande hâlde soenen en dat der boargers wienen, dy’t de gemeente yn it ljocht sette soenen? Der hie alris in skoalle west dy’t der yn slagge wie de gemeente op’e kaart te setten. Ek waard der al ris fanút de ried sein: Meitsje in promoasjepuzel fan de gemeente! Mar de boargemaster fan doedestiids seach der as in berg tsjinop, wylst it mar in heuveltsje wie. It kaam net fan ‘e grûn. Te djoer. Hoe kin it sa wêze? Sa prachtige gemeente: hoarizonbreed en himelheech. Mar der wie gjin lef om soks te dwaan. De gemeente moast it ek altiten allinnich dwaan, tocht men doe…..

Doe kaam de wethâlder mei in goed idee: in fotoboek. Mar hoe moai ek, it foel ôf: gjin foto bygelyks fan de grutte fabriken oan ‘e Doniawei en spitigernôch ek gjin doarpsgesicht fan it gesellige plein yn Blije mei dy ieuwenâlde herberch.

In nije tiid

Mar dat is no allegearre ferline tiid. It is no foarinoar. Sa’n gearwurking is net earder sjoen yn Ferwerderadiel: ûndernimmers, boargers en gemeente sette útein! Meiinoar neitinke oer in totale ynfrastruktuer. En meiinoar bûgje oer de toeristyske mooglikheden. Nei de koekjesyndustry en agraryske sektor is dit de trêde ekonomyske poat fan de gemeente.

Foar it  skitterende promoasjespul wurdt yn it hiele lân sparre. Segeltsjes binne ferline tiid; no in koade op in webside. De hearlike produkten fleane der like hurd út as it promoasjespul oer ús gemeente. De transportbedriuwen krije it al drokker. Mar dêr bliuwt it net by: de minsken komme fanút it hiele lân hjir hinne. Wêr is it sa feilich en sa hoarizonbreed en sa himelheech? It  Waad?  Gidsen te koart. Nei it ferskine fan it spultsje, komme der it jier wol 500 minsken mear nei ús gebiet om te waadrinnen. Dy rêst en  dy romte wolle sy belibje. Jannum en Blije: gjin strannen, mar wol kultuer en histoarje lyk as yn Hegebeintum.en Hallum. En dy autobedriuwen ferkeapje net allinnich auto’s mar ferhiere se ek. Yn ‘e doarpen binne oeral fytsen te hier, mei en sûnder akku.  

De âlde kuierpaden binne yn eare weromkommen. Wat in ferskaat fan mooglikheden: it giet op in rinnen, fytsen, autoriden, farren, skeelerjen ta. Stichting R &T soe opheve wurde, mar troch dizze ympulsen komt men hannen te koart en kin einliks in meiinoar betelle, profesjonele krêft oansteld wurde en letter noch ien. Dertroch belibje bestjoer en frijwilligers ek wer gouden tiden.  En ek it ynwennertal groeit: de minsken wolle hjir wol komme te wenjen. Wat is de oarsaak fan dizze moaie ûntwikkeling? Goed nei elkoarren harkje; elkoarren fersterkje: dat is folle nofliker. Sa fine wy elkoar. Net fragmintarysk en ynstrumintalistysk tinke, mar yntegraal en generaal.

Meiinoar fersterkjende dwersferbannen lizzen, is in keunst. Dan is der fyzje!

“Hawwe jo noch wat  foar it omfreegjen?”, freget boargemaster

Ik skrik wekker, it wie in dream…..

Jan Jarig van der Tol, ChristenUnie  

Op 3 novimber hawwe wy as ried de begrutting wer besprutsen. Dat feroarsake by my dizze dream...............

De koarte ferzje (gearfetting) fan dizze dream stiet yn Sâwn Stjerren Nijs 39e jiergong nûmer 21,  9 novimber 2011.

Nieuwsoverzicht Ferwerderadiel

De arme Kant van Fryslân - De earme kant fan Fryslân

zaterdag 22 mei 2010 02:24 Armoede is misschien niet altijd zichtbaar, maar is er wel. Ook in ons land en in onze provincie en gemeente. wat kan ook een gemeente als de onze eraan doen?
De fractie van ChristenUnie Ferwerderadiel heeft 1 maart j.l. in Leeuwarden een belangrijke bijeenkomst bijgewoond, die in het teken van de armoedepreventie en armoedebestrijding stond. Wij geven het verslag, dat van die vergadering is gemaakt, graag door. lees verder

Tsjinoer de desynteresse en links en rjochts fanatisme: it geastlik perspektyf fan it Evangeelje!

vrijdag 12 maart 2010 00:33 Foarsitter, leden fan ‘e ried en alle oanwêzigen, Tankberens om behâld fan sit yn 'e ried. De ferkiezings foar de gemeenteried binne al wer mear as in wike ferlyn. En de tiid giet hurd.      ... lees verder

Foar in selsstannich Ferwerderadiel!

woensdag 03 maart 2010 13:27 Ús fraksje hat har ynset foar in selsstannich en (finânsjeel) sûn Ferwerderadiel.

Wy binne gearwurking net út ‘e wei gien: de eastkant bg. SW (Oostergo) en toerisme;

Oan ‘e westkant hawwe wy in Konvenant mei It Bildt, Ljouwerteradiel en Menameradiel

(it saneamde ‘Middelsee’-ferbân). Oan beide kanten binne wy dêryn betrouber . lees verder

Geef ons de vijf

woensdag 17 februari 2010 13:25 “In wiis beslút sjocht fier foarút.” lees verder

Frijwilligers: tige tank!

woensdag 10 februari 2010 20:30 Frijwilligers socht! Fersterkje ús gemeente en fersterkje ek ús stim. Frijwilligers: wat binne se nedich, mar hja binne der. Frijwilligers soargje foar gearhing en binne mei dragers fan in ... lees verder

“In minske moat bloeie, dêr’t God him siedde hat.”

woensdag 10 februari 2010 16:00 Soarch foar de oaren – Sosjale gearhing

“In minsk moat bloeie, dêr’t God him siedde hat.”, staat op een tegeltje.

(Een mens moet bloeien, op de plaats waar God hem gezaaid heeft.) lees verder

Noardlike Âlvestêdefarrûte: ôfpraat is ôfpraat

vrijdag 29 januari 2010 17:00 De ChristenUnie hat yn jannewaris 2010 dochs ynstimd mei it útstel om noch € 82.000,00 ekstra by te dragen. It trajekt fan behanneling en besprekking wie neffens ús wis net trochsichtich. lees verder

Jan Jarig van der Tol lijsttrekker Christenunie Ferwerderadiel

jjvdt.jpgdonderdag 26 november 2009 18:51 Woensdagavond 25 november 2009 vergaderden de leden van de ChristenUnie Ferwerderadiel. lees verder

Befoarderjen fan it Frysk

vrijdag 03 november 2006 16:15 MOASJE CHRISTENUNIE
Útstel: - Nei oanlieding fan wurklistpunt fan ‘e ried nû. 6e fan Begruttingsgearkomste.
De ried fan ‘e gemeente Ferwerderadiel in gearkomste byien d.d. 2 novimber 2006 lees verder

Afscheidswoorden Mient Holwerda

dinsdag 11 juli 2006 19:20 Mient Holwerda heeft dit voorjaar na 24 jaar afscheid genomen van de gemeentelijke politiek. In het bijgevoegde schrijven blikt hij terug op deze periode. Onder andere over één stem te kort in 1974, over de indijkings tracés, over geld uitgeven, over geweigerd wethouderschap, dualisme en over 3 burgemeesters. lees verder

Scriptie ds. Van Harten

dinsdag 15 maart 2005 19:59 De scriptie van ds. Z.J.C. van Harten "Het hoeft geen betoog..., de doorbraakgedachte en de vrijgemaakte reactie daarop" kunt u hier downloaden: lees verder

Waddenzee Werelderfgoed

dinsdag 01 maart 2005 17:31 De mening van de Christenunie fraktie Ferwerderadiel over de status "Werelderfgoed" van de Waddenzee. lees verder