Op ferkiezingspaad 15 maart 2014

Ferkiezingsrûntsje Ferwerderadiel -Op tournee door Ferwerderadiel

In ferkiezingsrûntsje Ferwerderadiel op bakfyts: Hawwe jo ek in apeltsje te skilen mei de gemeente?

Ôfrûne sneon hawwe wy yn Ferwerderadiel  op in bakfyts en fyts in rûntsje makke troch hast alle doarpen en hawwe wy apeltsjes útdield.  Wy hawwe Blije besocht. Dêr wienen in moai tal frijwilligers oan it wurk by it MFA en by it âld spoar te beamkeplantsjen. Yn Ferwert en Hallum hawwe wy by de winkels stien en mei ferskate minsken praat en materiaal en apeltsjes útdield. Yn Marrum en Hallum binne wy by ferskate ûndernimmers lânsriden en wy hawwe der ek in pear sprekke kinnen. Doe op nei Wânswert foar de wyn. Op 'e nij seachen wy hoe't it doarp lêst hat fan te hurd ridend en swier ferkear. ChristenUnie wol har ek yn de nije riedsperioade der foar ynsette dat dêr in feilige sitewaasje komt! It hat de heechste prioriteit, want it giet om feiligens benammen fan 'e bern. 

Een verkiezingsrondje Ferwerderadeel op de bakfiets: Hebt u/Heb jij ook een appeltje te schillen met de gemeente?

Afgelopen zaterdag hebben we als ChristenUnie een rondrit gemaakt op bakfiets en fiets en hebben we appeltjes uitgereikt. We zijn in Blije geweest bij de vrijwilligers die bomen geplant hebben bij het Spoarke en het MFA, in Ferwert en Hallum bij de winkels, in Marrum en Hallum bij diverse ondernemers en in Wânswert hebben we opnieuw gezien wat voor gevaarlijke situatie het daar is en hoe het dorp belast wordt met vaak te hard rijdend en te zwaar verkeer. 

We zijn blij met diverse zaken die we in onze gemeente mede dank zij onze inzet hebben mogen bereiken, zoals de realisatie van Doniaweg en de toeslag kleine scholen. We hopen dat andere zaken ook hun beslag krijgen en dat er wijze besluiten genomen zullen worden om onze gemeente Ferwerderadiel financieel op peil te houden.

Freonlike groetnis fan de rûntsjefytsers fan de ChristenUnie: Jan Jarig van der Tol en Hannie Dykstra.

Start yn Blije

Ferkiezingsrûntsje: Start yn Blije

Blije: Frijwilligers oan it beamkeplantsjen

In apeltsje foar de frijwilligers yn Blije: beamkeplantsjen by MFA & âld spoar.

By de middenstân

Yn Ferwert by de middenstân.

In yndustrysintrum fan de gemeente

Doniawei in sintrum fan ûndernimmers en yndustry. Gearwurking fan bewenners mei ûndernimmers: huodsje ôf!

Ien fan ús fabriken yn Hallum: wurkgelegenheid!

Ien fan ús fabriken: wurkgelegenheid!

Ferkiezingsrûntsje Ferwerderadiel ferfolch

Op ferkiezingspaad op bakfyts Ferwerderadiel ferfolch - Tournee op bakfiets door Ferwerderadiel vervolg

Middenstân

By de middenstân yn Hallum.

Noch in winkel

Noch in hiel oare winkel yn Hallum: nim en lês

Jo ride te hurd! In r^nwei is nedich!

Wânswert: men rydt hjir fiersten te hurd, dat der moat in rûnwei komme. Heechste foarrang fanwege de feiligens benammen fan de bern!

Ferkiezingsrûntsje Ferwerderadiel Ferfolch 2

Ferkiezingsrûntsje Ferwerderadiel ferfolch 2

Wânswert: Sa moat it! Spitigernoch is dit útsûndering: dat in rûnwei moat der komme!

Harstastate & Hegebeintum: Histoarje en Kultuer