Ynstallaasje

Ynstallaasje riedslid Van der Tol yn ried fan tongersdei 27 maart 2014.

Foarsitter, leden fan ‘e ried en alle oare oanwêzigen,

ChristenUnie Ferwerderadiel sjocht mei grutte tankberens werom op it ferkiezingstiidrek dat útrûn op it stimmen ferline wike woansdei  19 maart 2014.

Wy hawwe in protte skreaun yn dy perioade en in protte propaganda make foar wat wy as ChristenUnie foarsteane. Dat is in goede saak, net allinnich foar ús ynwenners, mar ek foar ússels. Men moat jin rekkenskip jaan, wêrfoar men stiet en dat helder ferwurdzje.

Ik gie der net automatysk fanút dat wy ús sit behâlde soenen. De polityk kin hiel ûnwis wêze. Mar wy hope en bidde der wol om. En wy hawwe it krigen en dat wie boppe ferwachting: in boppeslach dy 80 ekstra stimmen, sa’n 2 % winst: geweldich! Tank oan ús kiezers. It soarge der ûnder oaren  foar, dat de ChristenUnie net mear de lytste party fan ‘e gemeente is. Wy binne de VVD foarbystribbe, mar binne foar har bliid dat sy har sit ek behâlde mocht.

Lykwols hat de winst ús gjin ekstra sit oplevere. Dat is spitich,  want oantal is oantreklik. Mar om’t wy fan betinken binne dat net de macht fan it getal gelyk hat, mar de krêft fan it argumint, wolle wy fleurich trochgean.

Wy hawwe as party en fraksje yn de ôfrûne riedsperioade besocht eltse kear mei arguminten op it kleed te kommen. Wy binne bliid dat der yn dat ferbân ek nei lytse fraksjes harke waard. Miskien kaam it wolris detailistyks oer. Mar in protte lytse saken mei-inoar jouwe faak ek in rjochting oan, goed as net goed, en om dat te ûnderbouwen moat men wolris nei details gripe, sadat de haadline fêsthâlden wurde kin. Want dat hat ús doel altiten west!

Lit us elkoarren mar skerp hâlde op it oanstjoere op haadlinen.

Dat wy yn dizze ried foar it grutste part goed mei-inoar oparbeidzje kinne, is in jefte dy’t wy krigen hawwe. Der koe dêrtroch in protte berikt wurde.  Lykwols wie it leste jier yn dat ferbân wol wat dreech, om’t men op trije flakken eigensinnigens útstalde en eintsje-fêsthâlderij.

1. Yn it dualisme, dat wy yn ‘e ried yn it plak fan it monisme krigen hawwe, is it sa, dat de ried goed tasicht hâlde sil op de útfiering troch it deistich bestjoer, it kolleezje. De ried is de baas; litte wy dat fêsthâlde! Dat freget regear op haadlinen by de ried. En dêrby in stik iepenheid by it kolleezje. En ik bin fan betinken, dat dat by ús kolleezje it leste jier hjir en dêr min as mear ûntbrutsen hat. Dat wie bg. by it freegjen nei finânsjele oersichten: wat wie dat in lang wachtsjen. Hjoed sil it der einliks wêze en kommende tiisdei krije wy it tasjoerd. En ek doe’t wy frege nei in fergelyk nei beide sosjale tsjinsten. Wat in opskowen en in mist, dat de fraach net helder wêze soe en “hienen wy dat ôfpraat” en ”dit is sa’n dreech en yngewikkeld ferhaal”.

Wy binne fan betinken dat dit net of net op ‘e tiid ferskaffe fan de nedige ynformaasje, yn dy gefallen ûnder nul is, om’t wy as riedsleden ynsicht krije moatte yn saken, dêr’t de ried ek ferantwurdlikens yn draagt. It giet hjirby ek om demokratyske legitimaasje. Yn dit kommend tiidrek sille wy dêrop tasjen en wy rekkenje derop dat it nije kolleezje ús foarsjen sil fan relevante ynformaasje. De ried moat betsjinne wurde!

2. Wat dêrmei gearhinget is in goede ferhâlding mei it amtlike apparaat.                                   Yn it Spreukenboek stiet: “As der gjin wize ried is, ferfalt it folk, mar it behâld is yn ‘e romte fan riedslju.” (Spreuken 11 : 14) Mei dizze riedslju tink ik fuort net oan de ried en it kolleezje sels, mar oan de minsken dy’t ús fan advys tsjinje en benammen de ôfdieling finânsjes. ChristenUnie is fan betinken dat der de ôfrûne perioade te min harke is nei warskôgings fan dy kant. It kin net sa wêze dat in kolleezje sûnder meidieling fan advyzen en sûnder ûnderboude tsjinmotivaasje in oare kant opgiet as de rjochting dy’t sa’n  ôfdieling wiist. Sa wiene wy dat ek net won. Kommende riedsperioade wolle wy net wer dat it kolleezje as ek de portefúljehâlders sok gedrach sjen litte.

3. Yn it trêde plak giet it ek om iepenheid ûnderling. Dat hat altiten tige goed west. Yn ‘e ferkiezingsstriid, mar ek mei it argumentearjen by ferskate ûnderwurpen is ús opfallen dat der somtiden net op grûn fan argumenten beslist is, mar om’t de measte stimmen de macht hawwe. Dat men as fraksjeleden allegearre ynstimt, inkeld om’t der fraksjedisipline is,  liket ús in brike saak. By twifel net ynheljen, sizze wy yn it ferkear. By minne ûnderbouwing net feroarje, betsjut dat yn politike oersetting.

Fierder fûnen wy it ek net fraai dat in grut-oerpake fan memmeskant fan in hjoeddeistich riedslid ús yn SSN fertelle moast dat de FNP, dy’t yn 1920 noch net iens bestie, it yn it tiidrek 2010-2014 sa geweldich dien hat. In beskûlnamme en applausartikel: wa betinkt soks. En dan sei dy âld man ek noch dat yn de oare partyen mar sufferts sitte. Healwiis en ôfwaaid praat. Dat is gjin nivo foar in party dy’t wy altiten heech hienen. Wy hawwe dit allegearre wakker útsocht op ynternet en by Tresoar. Op dit punt pleitet de ChristenUnie op ‘e nij foar de iepenheid, dy’t wy ûnder elkoar hienen en dy’t wy ek op dit nivo fan elkoarren ferwachtsje meie.

Foarsitter, wy fan ‘e ChristenUnie hoopje dat wy kommende tiid wêr de krêft fan ús Himelske Heit krije sille om ús moaie gemeente Ferwerderadiel te tsjinjen mei ús bydragen, advizen en besluten. Wy hoopje dat wy as gemeente, ried en kolleezje de kwetsbere minsken yn ús mienskip net ferjitte sille. Dêrby gean wy foar kwalitatyf goede en dêrby betelbere soarch, foar leefberens en ûnderwiis. 

ChristenUnie besyket har dêrby wer as betroubere party op te stellen: konstruktyf, teffens posityf-kritysk, yngeand en boppedat belutsen. Want wy beslisse oer saken dy’t minsken oangean, ús bewenners. Boargers en oerheid hawwe beide in eigen ferantwurdlikheid. Ús taak as oerheid is der foar de boargers te wêzen en net oarsom. Prins Willem fan Oranje sei dat doedestiids sa:

“DE ONDERZATEN WERDEN NIET DOOR GOD GESCHAPEN
TEN BEHOEVE VAN DE PRINS
OM HEM TE DIENEN IN ALLES WAT HIJ BEVEELT
ZIJ HET GODDELIJK RECHT OF GODDELOOS ONRECHT
ONDERDANIG TE ZIJN EN ALS SLAVEN TE DIENEN
MAAR DE PRINS OMWILLE VAN DE ONDERDANEN
ZONDER WELKE HIJ GEEN PRINS IS
OM HEN MET RECHT EN VERSTAND TE REGEREN.”

Út de Ûnôfhinklikheidsferklearing fan 1581
"Plakkaat van Verlatingh"

Yn dyselde geast, de grûnslach fan ús keninkryk, meie wy as ried en kolleezje ús hege lokale amt ýnfolje en útfiere yn tsjinst fan ús noch altiten selsstânnge gemeente Ferwerderadiel, in sawn stjerren gemeente. Wa binne wy dat wy dit dwaan meie?

Wy binne der fan oertsjûge dat dit kin mei Gods help en de krêft dy’t wy ûntfange meie fan ús Himelske Kening, dy’t alle macht yn ‘e himel en op ierde hat, de Kening fan de keningen, Jezus Christus. Dat is yn ‘e praktyk: omsjen nei elkoarren, each foar ús ynwenners, benammen de kwetsbere. it goede sykje foar âlderen, jongerein, ûndernimmers, bern en ûnderwiisminsken. Om in belutsen mienskip. In sterke mienskip: droegen troch belutsen boargers en in gemeente, dy’t yn goede gearwurking mei oare gemeenten it bestjoer ticht by ús ynwenners bringt en hâldt.

Wy winskje ús gemeente, ús ynwenners, ús ried en hooplik oer net al te lange tiid ús nije kolleezje Gods seine ta by al dit ferantwurdlike wurk.

Mei Syn help sjocht in wiis beslút troch ús ried,wis en wier,fier foarút.

 Tankewol.                                                       Jan Jarig van der Tol